slide
Aafke Zuidersma

WINNAAR LIET 2016

slide
slide
slide
Prev Next

Wolkom by Frysk sjongfestival Liet

home

Sûnt 1991 wurdt jierliks it Fryske sjongfesitval Liet organisearre. De finale fan Liet hat altiden plak fûn yn Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân. Foarwearde foar dielname oan Liet is dat de tekst fan it nûmer fan de dielnimmende artyst yn it Frysk is of yn ien fan de yn Fryslân sprutsen streektalen.

In faksjuery rikt de sjuerypriis ut. De winner fan de sjuerypriis fan Liet mei yn datselde jier dielnimme oan de finale fan Liet International, it Europeeske sjongfestival foar regionale en minderheidstalen.

De bekendste Liet-winner is it duo Twarres, dy’t yn 1999 de publykspriis wûn hat mei de lettere Nederlânske en Belgyske nûmer 1-hit ’Wêr bisto?’. Oare yn en bûten Fryslân bekende winners binne Nynke Laverman, Sebeare en Adri de Boer. Yn 2011 wûn de Fryske sjongeres Janna Eijer de finale fan Liet International yn Udine (Italië). Yn 2015 waarden Marit & Nigel twadde yn de finale fan SUNS Europe, op ‘e nei yn Udine (Italië).

Partners