header-2016-6.jpg

Liet 2016

Ynskriuwing Liet 2016 sluten!

It liket it jier yn alle gefallen in bysûndere Liet-edysje te wurden. Neist de wurkwinkel Songwriting dy’t foar elkenien tagonklik is, wurdt der foar de dielnimmers oan Liet noch in wurkwinkel organisearre. Foar de finalisten ha wy ek noch in moaie masterclass yn petto. Yn de finale is dit jier ek wer oandacht foar de tekst mei in tekstpriis. Winsto Liet? Dan stypje wy dy by it meitsjen fan in profesjonele opname fan it winnende nûmer.

Hasto nocht om dit jier mei te dwaan oan Liet? Jou dy op fia dizze pagina: liet.nl/aanmelden

Partners