Header

Aafke Zuidersma wint Liet 2016

Aafke Zuidersma mocht har sneintemiddei, yn in grôtfolle seal fan poppoadium Neushoorn, mei it nûmer ‘Minsk fan wearde’ winner neame fan Liet 2016.

De sjuery wie net unanym, mar op punten wûn de prachtige ballad fan Aafke en har begeleidingsband it fan it mear eksperimintele ‘Henkie Seemok’ fan Douwe Dijkstra.

“Dizze is foar Steef”, wie de earste reaksje fan de farske winneres. Se skreau dit liet foar de ferstoarne muzikant en goede freon Steven Lont. Janneke de Boer krige de Ivan Pel publykspriis mei it nûmer ‘Myn leafde foar dy’.

Yn maart fan dit jier begûn dizze edysje fan Liet mei in wurkwinkel ûnder lieding fan Jan Tekstra. Dit om’t Liet mear en mear it Fryske talint stimulearje wol en stipe jaan wol om (fierder) te ûntwikkeljen. De wurkwinkel hie 16 dielnimmers wêrfan úteinlik 3 yn de finale op it poadium stiene, winneres Aafke wie ien fan harren. De foarronde en finale fûnen dit jier plak yn poppoadium Neushoorn te Ljouwert, it nije honk fan Liet.

Liet International

Winneres Aafke mei takom jier yn april dielnimme oan Liet International, dat diel wêze sil fan de Sami Grand Prix yn Kautokeino, Noarwegen. In prachtich poadium op in wûnderlik plak.

Partners