Header

Bruno Rummler wint Liet 2014

LJOUWERT – Yn in grôtfolle Prinsetún hat Bruno Rummler Liet 2014 wûn mei syn nûmer Beppe. “In hiel oprjocht Frysk nûmer op in technysk yngewikkelde, mar flekkeleas spile komposysje,” oardiele de sjuery ûnder foarsitterskip fan Sjoerd Bootsma. Rummler fertsjintwurdigt Fryslân by Liet International op 12 desimber yn it Dútske Oldenburg.

De publykspriis gong nei de formaasje Makkumer Blues Brothers. Foar harren nûmer Wyn krigen sy de Ivan Pel-publykspriis út hannen fan Liet-foarsitter Yvonne Bleize.

Yn in sinnige Prinsetún harken sa’n 6000 besikers nei de 10 akts op it Liet-poadium. Omrop Fryslân makke fan alle ferskes opnames, dy’t op 1 en 2 july útstjoerd wurde.

Partners