Header

Dichter skriuwt Liet

Op snein 26 novimber organisearret Liet, yn gearwurking mei Jan Tekstra, in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters. Dit dogge we yn Grand Café De Friesche Club yn Ljouwert.

It skriuwen fan in goeie sjongtekst is net ienfâldich en faak in iensum proses. Om mear ynsjoch te krijen yn hoe’t dit proses wurket, keppelje we in oantal renommearre Fryske dichters oan in pear goeie muzikanten/songwriters en jouwe harren de opdracht om yn koarte tiid tegearre in lied te meitsjen.

De trije koppels gean op ferskate lokaasjes mei harren opdracht oan’e slach. It earste koppel bliuwt in it kafee fan De Friesche Club, it twadde giet nei “ De Bestemming”, in tsjalk oan de Willemskade, en it tredde koppel giet oan it wurk yn boekhannel Van der Velde oan de Nijstêd.

It nijsgjirrige is dat je as publyk de ferskillende lokaasje besykje kinne en sa meimeitsje/meiharkje hoe’t dichters en songwriters tegearre in nij lied meitsje. It publyk kin op ien lokaasje bliuwe, mar ek by alle trije lokaasje lâns gean. De wurklokaasjes lizze flak yn de buert, op rinôfstân fan De Friesche Club.

Nei sa’n oardel oere komt elts werom, presintearje de koppels wat se makke ha en giet Jan Tekstra mei harren dêroer yn petear.

De dielnimmende dichters/artysten binne: Arjan Hut, Elmar Kuiper, Sigrid Kingma, Robert Dorn, Wiebe Kaspers en Aafke Zuidersma.

Datum: 26 novimber 2017

Lokaasje: De Friesche Club Ruiterskwartier 57, 8911 BP Ljouwert

Tiid: 14.00 – 17.00 (doar iepen 13.30)

Partners