Header

Luko Reinders wint Liet 2017

LJOUWERT – 10 desimber 2017

Luko Reinders wint Liet 2017

Mei het nummer ‘Kom rin mei my” hat Luko Reinders, begelaad troch Bas Postma, de finale fan Liet 2017 wûn. Yn in sfearfol Neushoorn waard dit nummer it heechst wurdearre troch de faksjuery besteande út Jan Tekstra (foarsitter), Aafke Zuidersma, Ruben Mulder en Sjouke Nauta. De sjuery brûkte termen as ‘yntins en ‘earlik by de beoardieling fan it nummer.

Mei it winnen fan dizze finale hat it duo him fersekere fan in plak op it poadium fan Liet Ynternasjonaal yn maaie 2018. Dit festival fynt plak yn Ljouwert.

De muzikantepriis, takint troch de dielnimmende artysten sels, gie nei Albert van der Tuin út Harkema die himsels begeliede mei help fan in saneamd loopstation.

Partners