Header

Marit Talens, winneres 2015 en sjuerylid 2016

Foto: TOSTA ©

Under de finale fan dit jier sil de winneres fan Liet fan ôfrûne jier, Marit Talens, jureaje. Heech tiid om har as ûnderfiningsekspert ris te freegjen wat der nei sa’n oerwinning allegearre op je ôf komt.

En dan winst ynienen Liet 2015, wat bart der dan?

“Der kamen ynienen allegearre aardige dingen op myn paad. Alderearst fansels SUNS Europe yn Itaalje dêr’t ik tegearre mei Nigel myn nûmer útfiere mocht yn in gigantysk teater yn Udine. We einigen sels op it twadde plak, mar it makke ús eins neat út op hokker plak wy einigen want de ûnderfining wie al in grutte oerwinning!”

Wat is der fierder mei dyn liet bart?

“Nei Udinne ha wy tegearre mei Jan Tekstra in hiel oare draai oan it nûmer jûn en dy ferzje opnaam. Alle tank oan Jan, it is in fantastysk nûmer wurden! Kinst ‘m regelmjittich op Omrop Fryslân hearre.”

Der is dochs ek in klip makke?

“Ja dat kloppet! Willem de Vries hat dit regele. Syn priisjild fan de Bernlefpriis 2015 hat hy ynvestearre yn it jonger meitsjen fan de Fryske muzyk en sa hat hy my holpen mei de klip foar Libbenstier. Te gek!”

En as it goed is sitsto no yn in soarte fan TOSTA band? Wat is dat krekt?

“Nei Liet ha ik in grutte boost krigen yn de Fryske muzyk. En dêrop folge dan ek al gau in útnûging foar de minderheidstalen-band fan it TOSTA-projekt. Immen hie my fia SUNS Europe hjirfoar oanret. Te gek!”

Wat bart der no rûnom dit projekt?

“Wy spylje yn allegearre plakken yn Europa dêr’t ik dan Fryslân fertsjintwurdigje en mei sa in protte reizgje en muzyk meitsje mei leuke muzikanten. Sa ha wy lêsten op de Admiraliteitsdagen yn Dokkum

spile, super super leuk!”

Ta beslút, wat betsjut Liet foar dy?

“Liet kin gewoan echt in ferskil meitsje yn dyn muzykkarriêre. Foar my yn alle gefallen wol. In ûnderfining diesto net misse wolst! Hiel leuk dat ik dit jier sjuerylid wêze mei.”

Troch Tjitte Hogeterp (ferliezend finalist 2015, bestjoerslid Stifting Liet ’91)

Partners