Header

Zondag 9 oktober finale Liet in Neushoorn

Alve talintfolle dielnimmers meitsje harren klear foar de finale fan Liet. Dit jier is it poadium de grutte seal fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Ofrûne jier wie dit noch de gesellige studio fan Noardewyn (Omrop Fryslân), dit jier is der genôch romte foar publyk, sjuery en de muzikanten. Presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries.

Dielnimmers oan de finale binne de bands/artysten Boots, Janneke de Boer, Esmee en de Voorzitter, Lammy Bruyns, Loekie Roosdorp, Metz & Mulder, Douwe Dijkstra, Kees de Groot, Aafke Zuidersma, Ypke en Held op Sokken. De finalisten sille stride om de sjuerypriis en it liket it spannende middei te wurden mei ynteressante nije Fryske muzyk yn in ferskaat oanstilen sa as folk, pop en sels dance. Ek is der dit jier in publykspriis. Sjueryleden binne Jamilla Faber, Harry Zwerver, Jan Pier Brands en de winner fan de foarige edysje Marit Talens. Snein 9 oktober gean de doarren om 14:30 oere iepen, 15:00 begjint de finale. Yntree is 7,50 per persoan (oant 12 jier fergees).

Lokaasje: Grutte seal, poppoadium Neushoorn, Ljouwert

Datum: snein 9 oktober

Tiid: 15:00 oere (doarren gean om 14:30 oere iepen)

Yntree: 7,50 euro (bern oant 12 jier fergees)

Partners