Marrit de Vries_JVP3607 copy.jpg

Workshops 2017

Yn 2017 organisearje we yn gearwurking mei Jan Tekstra, Neushoorn en D’Drive in oantal ynspirearjende workshops. De earste twa binne ek tagonklik foar net dielnimmers oan Liet

Workshop Songwriting

Datum: 17 juny 2017Lokaasje: Neushoorn, LjouwertDuorret: 10.30 – 16.30 oere
Back to essence: Nei de yntroduksje fan de metodyk spylje de dielnimmer eigen wurk en krije hjir feedback op. Dêrnei wurdt der fierder oan wurke en ek dat wurdt wer besprutsen. Oandacht is der foar tekst, harmony&melody, ynhâld en foarm.
 

Workshop Demo Home Recording

Datum:1 juli 2017
 
Lokaasje: Neushoorn, Leeuwarden
Duorret: 11.00 – 14.00 (doar iepen 10.30)
Better goed, mei in bytsje as min mei in hele soad. In mobile telefoan kin – ast ‘m goed brûkst – prima wurkje. Ek wurde ienfâldige programma’s as Garageband, Logic en Cubase besprutsen.
Nei in koarte yntroduksje wurdt oan de hân fan foarbylden inkele wurkwizen demonstrearre. Nei it skoft geane de dielnimmers yn ferskate romten mei-inoar oan’e slach, werby’t feedback jûn wurdt troch de begeliedende coaches.

Wannear’tsto dy ynskriuwst foar Liet krigest automatysk tagong ta de workshops

Ek ast noch gjin nûmer hast of ast dêr noch oan wurkje wolst foardatst dy oanmeldst, kinsto meidwaan oan dizze workshops. Stjoer dan efkes in mail nei workshopliet2017@gmail.com. Dan stjoere wy dy hiel gau alle ynformaasje ta.

Partners