FAKATUERES BESTJOER STIFTING LIET ‘91
Hasto in hert foar muzyk en bisto ek sa ferknotte oan it Fryske Liet? Krijsto enerzjy fan it mei in leuke groep minsken mei-inoar wat op te bouwen? Dan binne de ûndersteande bestjoersfunksjes echt wat foar dy.
It Fryske sjongfestival Liet hat sûnder 2019 in nije rjochting naam, neist it sykjen nei nij Frysk muzyktalint, sykje we ek nei de fernijing yn de Fryske popmuzyk. Sa organisearren we neist it bekende Liet-festival ek workshop, ferspraat oer it jier, binne in tal húskeamerkonserten organisearre en waar in unyk crossover-programma mei bekende popakts sa as Broken Brass Ensemble ft Ed Lip en Aart Lus, Iris Kroes & Wander Kars, Ginge ft. Faske.
As Stifting Liet ’91 sette we dizze nije rjochting troch en binne wy de kommende moannen op syk nei fersterking fan ús bestjoer. Wy daagje dy út op foar ûndersteande fakatueres by ús oan te klopjen.
Wa doart?
Wy sykje in nije foarsitter.
Algemien profyl fan bestjoerslid
- Do hast affiniteit mei- en do ûnderskriuwst de doelstellings fan Stifting Liet ’91.
- Do hast kennis en ûnderfining mei it oandachtsfjild/portefúlje dêr’tsto foar oansteld wurdst.
- Do bist by steat in bydrage te leverjen oan de miening- en beslútfoarming fan it bestjoer en do bist yn it bysûnder in goede oerlispartner oangeande dyn oandachtsgebiet/portefúlje.
- Do bist by steat kreatyf en ‘out-of-the-box’ te tinken.
- Do hast in ‘hands on’ mentaliteit en do bist ree om (sa nedich) ek sels praktyske saken/aksjes foar Liet út te fieren. (Bygelyks by festivals en by saken dy’t mei dyn oandachtsfjild/portefúlje te krijen ha)
- Do hast in sûn gefoel foar humor.
- Bestjoersleden krije gjin fergoeding foar harren bestjoerswurksumheden.
De doelstelling fan de stifting
De stifting hat as doel: de befoardering en promoasje fan nije Frysktalige muzyk en it jaan fan in kwaliteitsympuls oan it Frysktalige repertoire. Stifting Liet organisearret dêrom ûnder oaren in jierlikse wedstriid foar it beste en meast orizjinele Liet yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. De winner fertsjintwurdiget Fryslân by Liet International, it twajierlikse Europeeske sjongfestival foar minderheidstalen. De festivals binne ûnder oaren yn de perioade fan ‘de Kulturele haadstêd fan Europa’ troch Stifting Liet organisearre. Sjoen de entûsjaste reaksjes, de oanmeldings fan kandidaten en de besikersoantallen is sjongfestival Liet noch altiten in wichtich ankerpunt yn de Fryske muzyk- en kultuerwrâld.
Ambysjes en nije ympulzen
- LIET wol in kwaliteitsympuls jaan oan it Fryske liet.
- Om de LIET-aktiviteiten te ferbreedzjen wol it bestjoer mear gearwurkje mei oare partijen en dissiplines.
- LIET wol in breder en in ferskaat fan publyk oan har bine.